Kennisekonomy sterker meitsje

© Omrop Fryslân
Der komt in regionaal program foar fersterking fan de noardlike kennisekonomy. Dat hat it SNN, het Samenwerkingsverband Noord-Nederland ôfpraat mei fjouwer grutte noardlike gemeenten, wêrûnder Ljouwert.
De gearwurking wurdt al hieltyd yntinsiver en dat jout mooglikheden foar de takomst. Der binne ferskate aksjepunten dy't mei Europeesk jild betelle wurde kinne. Dêr moat Brussel noch wol tastimming foar jaan.