Sierd Steigenga hâldt giele trui

20 jul 2006 - 17:40

Sierd Steigenga hat ek nei de fjirde etappe yn de Ronde fan Roemenië de giele liederstrui noch om 'e skouders. De hurdfytser fan Eksmoarre waard yn dizze etappe mei in protte klimwurk njoggende. Germ van der Burg waard tsiende yn deselde tiid.

Yn it klassemint feroare net in soad. Steigenga hat noch altyd fjirtjin tellen foarsprong op de Bulgaar Pavel Shumnov. Germ van der Burg hâldt de lieding yn it sprintklassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)