Wenboaten yn Harns moatte fuort

20 jul 2006 - 14:05

De gemeente Harns pakt de wenboaten yn de Boalserterfeart oan. De offisjele lisplakken wurde opheft. De boaten dy't der no lizze, meie dêr bliuwe oant se fuortgean, mar der meie gjin nije mear bykomme.

De acht wenboaten passe net yn it plan foar de wyk Plan Súd. Dy wyk grinzet oan de Boalserterfeart. Der is in nij plak fûn achter sportplak Het Balkland. De boate-eigners krije in heal miljoen euro ferhúskosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)