Giel Wyt-Hearrenfean: 0-7

© Omrop Fryslân
Ek de fjirde oefenwedstriid fan SC Hearrenfean is einige yn in oerwinning foar de Feansters. Op it Amelân waard woansdei mei 7-0 wûn fan Giel Wyt. By it skoft stie it al 0-4 troch goals fan Afonso Alves (2), Lasse Nilsson en Daniël Pranjic.
Nei it skoft wiksele trainer Gertjan Verbeek it hiele alvetal. Age Hains Boersma (2) en André Hanssen bepaalden de einstân op 0-7. Sneon wurdt oefene tsjin Genclerbirligi út Turkije.