Man ferwûne by brân Aldeberkeap

© Omrop Fryslân
In man (57) út Aldeberkeap is woansdei ferwûne rekke by in brân yn syn skuorre. De man hearde in knal en seach reek achter it hûs. It die bliken dat de skuorre yn 'e brân stie.
De man woe syn motor der noch úthelje, mar dat slagge net mear. Hy rekke ferwûne oan 'e hannen en gesicht en rûn mooglik ek in reekfergifting op. Hy is nei it sikehûs brocht. De skuorre en in karavan dy't dernjonken stie, baarnden folslein út.