Teaterseal yn sporthal Drylts?

20 jul 2006 - 11:02

Sporthal de Utherne yn Drylts wurdt mooglik ferdûbele. Dan kin der ûnder oare in teaterseal yn komme. Wymbritseradiel hat it Ryk frege om dêr 500.000 euro foar te jaan.

Toanielstikken en wykaktiviteiten fine no plak yn it Mienskipshûs. Dêr kinne 200 minsken yn. Yn de ferboude sporthal kinne folle mear minsken. As de plannen trochgeane moat de gemeente ek jild stekke yn de bou fan in nije sporthal en it oanpassen fan de âlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)