Bart Helmholt ljept nij rekord

19 jul 2006 - 22:21

Bart Helmholt fan Hurdegaryp en Hannes Scherjon fan Noardburgum wiene tiisdei op It Heidenskip geweldich op dreef by de tolfde ljepperij fan it seizoen. Helmholt ferbettere oant twa kear ta syn eigen Nederlânsk rekord. Earst sette hy it op 19 meter 67 sentimeter en yn de lêste sprong waard it 19 meter en 77 sentimeter.

Hannes Scherjon ljepte oant 2 kear ta in nij Frysk rekord by de junioaren. Syn fierste ôfstân: 19 meter en 11 sm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)