Lichem fan frou fûn yn Ried

© Omrop Fryslân
Yn de haven oan de Nieuweweg yn Ried is tiisdeitejûn it lichem fan in frou fûn. In pear jongeren wiene yn de haven oan it swimmen. Ien fan har fielde wat tsjin de foet oankommen. Doe die bliken dat it om de frou gong.
De jongeren ha it lichem oan de kant brocht en de plysje warskôge. Ut ûndersyk docht bliken dat it giet om in frou fan 45 jier út Ried. Neffens de plysje is de frou net goed wurden, yn it wetter fallen en ferdronken.