Dyk Swarte Hoanne wurdt oanpakt

© Omrop Fryslân
It ûndersyk nei de problemen mei it stik seedyk by Swarte Hoanne op It Bilt krijt mooglik in lanlik ferfolch. It asfalt op de dyk lit op ferskate plakken los. By in swiere stoarm kinne dan stikken dyk fuortspiele en kin der gefaar ûntstean foar minsken.
Om gjin risiko te nimmen, is der fuotdaliks mei de werstelwurksumheden begûn. Fan it hjerst moatte de wurksumheden klear wêze. Der is ek sjoen nei oare stikken dyk yn Nederlân.