Stroomsteuring yn Dokkum

© Omrop Fryslân
In oantal húshâldens en bedriuwen yn de omkriten fan Dokkum hat woansdeitemiddei sûnt 12.00 oere in pear oeren sûnder stroom sitten. Under oare bedriuweterrein Hegediken yn Dokkum waard troffen.
Neffens in wurdfierder fan netbehearder Continuon gie it om in steuring yn de middenspanning. Der soe sprake west ha fan koartsluting. Der moast in omlieding makke wurde.