Provinsje wol iepenheid fan Nuon

© Omrop Fryslân
De provinsje hat in ekstra oandielhâldersfergadering oanfrege fan enerzjybedriuw Nuon. Dêrmei moat dúdlikens komme oer de fúzjeplannen mei enerzjybedriuw Essent. De provinsje wurdt kwalik op de hichte hâlden fan it hiele proses.
De ynformaasje dy't se krije komt út de parse. Deputearre Ploeg fynt dat de bestjoerders fan Nuon regintesk oerkomme, wylst se de baas binne fan in publyk bedriuw.