Mediator by problemen Gaasterlân

19 jul 2006 - 13:55

De amtners fan de gemeente Gaasterlân wolle help fan in mediator om it konflikt tusken de meiwurkers en gemeentebestjoer op te lossen. De ûndernimmingsried hat it bestjoer in brief skreaun mei dat foarstel.

De amtners ergerje har oan de útspraak fan boargemaster Thea de Roos dat it oarloch is tusken de ôfdielings. De ûndernimmingsried wol iepenheid fan saken oer har sektorhaad Theo Bosma, dy't op non-aktyf steld is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)