Wol wer in Feanhoopfestival

© Omrop Fryslân
It Feanhoopfestival giet gewoan troch, mar wol foar it lêst op dit plak. Dat is de útkomst fan gesprekken tusken de organisaasje en buorman De Groot. De Groot hat in kemping en jachthaven njonken it Feanhoopterrein en is poer op it festival tsjin. Hy woe it feest tsjinhalde mei in koart pleit. Dat is no net mear nedich om't de partyen in oplossing fûn ha.
De festivalorganisaasje sil takom jier op syk moatte nei in nije lokaasje.