Kontrôle op fersyk fan omwenners
De plysje hat tiisdei op de Lycklamawei yn Wolvegea in snelheidskontrôle hâlden, op fersyk fan de omwenners. Dy hiene belle, omdat der sa hurd riden waard op de dyk.
Yn in oere tiid waarden trije autobestjoerders op de bon slingere. De plysjeman krige as beleaning in iisko fan de tefreden omwenners fan de Lycklamawei.