Motorrider ûnderút by Wolvegea

19 jul 2006 - 10:52

Op de Stellingenweg by Wolvegea hat de plysje woansdeitemoarn betiid in soad wurk hân fan de oanhâlding fan in 38-jierrige motorrider út Den Helder. De plysje woe de man oanhâlde, mar dy naaide mei hege snelheid út.

Op in krusing gong de man mei syn motor ûnderút. De plysje alarmearre in sike-auto, mar de man woe net holpen wurde. Neffens de plysje hie de man tefolle dronken, mar hy wegere in azemanalyse. Hy is yn de sel set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)