Botsing op It Hearrenfean

19 jul 2006 - 10:49
Foto: Omrop Fryslân

Twa autobestjoerders binne tiisdei op It Hearrenfean ferwûne rekke by in botsing. De iene, in ynwenner fan It Hearrenfean, stuts in krúspunt oer, mar seach dêrby in oare auto oer de holle.

Beide auto's botsten frontaal op inoar. De bestjoerders rekken dêrby licht ferwûne. De auto's rekken swier skansearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)