Nije riolearring yn Bilgaard

19 jul 2006 - 10:30

De wyk Bilgaard yn Ljouwert krijt in nije riolearring. It giet om totaal 3,5 kilometer dat goed 4 miljoen euro kostet. Der moat wat barre, want de kâns op it ynstoarten fan it âlde rioel is grut.

It wurk begjint ein oktober en sil nei alle gedachten sân moanne duorje. De bewenners wurde op de hichte brocht fan de oerlêst dy't har te wachtsjen stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)