Dales as Fortuyn yn D&D

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert is tiisdeitemiddei foar it gebou fan Omrop Fryslân sabeare fermoarde. Hy krige fan tichtby fjouwer nep- pistoalskotten te fernearen.
Dales spilet in rol yn ien fan de nije ôfleverings fan Dankert & Dankert. Yn de advokatesery spilet de boargemaster in op Pim Fortuyn basearre politikus. Nei't er in ynterview jûn hat by de Omrop wurdt er bûten de studio delsketten.