Fûgelsjochhut Jutryp fernield

© Omrop Fryslân
De fûgelsjochhut by Jutryp is folslein fernield. Dat gebeurde it ôfrûne wykein. Mei in hânseage binne de dikke peallen stikken makke. Dêrtroch is de hut ynstoart.
Eigner Steatsbosbehear hat gjin idee wa't foar de fernielerij ferantwurdlik is. Sa no en dan sitte der hingjongeren yn de fûgelhut. Mar it giet SBB te fier om harren te beskuldigjen. De skea wurdt rûsd op 20.000 euro.