Minder ekonomyske groei

© Omrop Fryslân
De ekonomyske groei yn Fryslân wie ferline jier matich. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek. Neffens it CBS ha de mindere prestaasjes te krijen mei dat der minder ierdgas nei boppen helle is. Itselde jildt foar Grinslân, dêr wie ek minder ekonomyske groei.
De provinsjes Utrecht en Flevolân wiene ferline jier de koprinners wat ekonomyske groei oangiet.