Studinten yn azc Burmania

© Omrop Fryslân
Yn it eardere asylsikerssintrum Burmania oan de Troelstrawei yn Ljouwert wurde 160 bûtenlânske studinten húsfeste. De earste jongeren tusken 18 en 25 jier komme al yn septimber.
As de nije studintehúsfesting by de Kenniscampus yn Ljouwert klear is wurdt it tal studinten oan de Troelstrawei werom brocht nei 60. De ferwachting is dat dat noch wol mear as trije jier duorje sil.