Abo 2006 Schatzenburg 30 euro

18 jul 2006 - 11:20

Ynwenners fan Menameradiel kinne foar 30 euro dit hiele seizoen swimme yn swimbad Schatzenburg. Dat stelt eigner Van Booma foar oan 'e gemeente. Earder wie al in bedrach ôfpraat foar takom jier. In abonnemint soe fan 100 euro kostje foar fjouwer moanne swimmen.

It foarstel fan tritich euro dit jier jildt inkeld as de gemeente akkoart giet mei de hûndert euro foar takom jier. No kostet in besite oan it swimbad noch tsien euro it kaartsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)