Blau-alch yn de Griene Stjer

© Omrop Fryslân
In part fan rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert is moandei ôfsletten foar swimmers. De gemeente hat dit dien omdat de blauwe alch yn it wetter sit. Wetterskip Fryslân hat moandei monsters nommen. Tiisdei wurdt definityf bekend oft der wol of net blau-alch yn it wetter sit.
Om problemen te foarkommen hat de gemeente de strannen yn de Griene Stjer ôfslute litten. De gemeente hat ek swimmers út it wetter helle.