3VO dupearre troch stellerij

18 jul 2006 - 10:12

Ferkearsfeiligensorganisaasje 3VO is dupearre troch stellerij fan djoere apparatuer om ferkearsstreamen te registrearjen. It giet om in saneamde wei-kant-radar. Dat is in lyts swart kastke dat de gong en it soart ferkear fêstleit. De radar stie oan 'e Klaarkampsterwei by Sybrandahûs.

De radar moat yn de nacht fan 4 op 5 july stellen wêze. It apparaat kostet in pear tûzen euro. 3VO hat no noch mar ien wei-kant-radar oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)