Undersyk nei brânen Warkum

18 jul 2006 - 09:52

De plysje begjint in ûndersyk nei de brânen yn Warkum fan it lêste healjier. Dit wykein wie it wer safier oan de Hearewei en de Tademahof. Dêrby binne kranten yn in portyk yn 'e brân stutsen.

Mei-inoar is it lêste healjier acht kear besocht brân te stichtsjen. Sa gefaarlik as it ôfrûne wykein wie it noch net earder. De plysje slút tafal net út, mar set dochs út ein mei in ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)