Provinsjehelp Kollum en Waaksens

© Omrop Fryslân
De provinsje leit goed 30.000 euro op it kleed foar seis projekten yn Noardeast-Fryslân. De Professor Casimir Skoalle yn Kollum krijt it measte jild: 7500 euro. Dêrfan wurdt in nij, edukatyf skoalplein oanlein.
Waaksens krijt 5500 euro foar ferkearsfeiligens en de terp. Der komt ûnder oare in boerd mei dêrop in beskriuwing fan de skiednis fan Waaksens. Fierder krijt de iisclub fan Aldwâld 5500 euro foar in iisbaan.