Twa brânstichtings yn Warkum

© Omrop Fryslân
Unbekenden hawwe sneontenacht besocht in wente oan de Hearewei yn Warkum yn 'e brân te stekken. Dat diene se mei baarnende kranten yn in treppehûs. De bewenners wiene op it stuit fan 'e brân thús. Se binne troch de plysje wekkermakke en út 'e wente weihelle.
In pear oeren letter stie by in oare wente oan de Tademahof in rubberboat yn 'e brân. Omwenners hawwe it fjoer útmakke. De plysje stelt in ûndersyk yn nei beide brânen.