Sjitterij yn Burgum

17 jul 2006 - 11:05

Yn de Skoallestrjitte yn Burgum hat sneon in sjitpartij west. Dêrby soe ien kear sketten wêze troch in ûnbekende man. Dy hie tegearre mei in maat rûzje krige mei in jonge fan 18 jier út Noardburgum en in oare jonge fan 19 jier út Burgum.

De jonges hiene beide manlju earder in izeren staaf ôfpakt. De ûnbekenden kamen werom mei it sjitark en skeaten. De plysje wol witte wat de oanlieding wie en wa't de dieders binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)