Fernielers Surhústerfean oppakt

© Omrop Fryslân
Yn Surhústerfean binne dit wykein twa jonges fan 16 en 18 jier oppakt foar fernielings. Tsjûgen hiene sjoen dat se út tunen oan de Grinzerstrjitte makelderbuorden Hûs te keap weihellen. Boppedat hiene se in ferkearsboerd út de grûn weiskuord. Dêrjonken hearden de tsjûgen glês rinkeljen.
By de oanhâlding sette de 18-jierrige it op in skellen en bedrigen. De jonges sitte foar neier ûndersyk fêst op it plysjeburo.