Winkelje mei 'dievetas'

© Omrop Fryslân
Yn in kleanwinkel oan de Nijstêd yn Ljouwert is sneon in profesjonele winkeldief oanhâlden. In man (32) út Dokkum hie in spesjaal preparearre tas by him foar winkeldieverij. Personiel fan 'e winkel krige der lucht fan en trapearre him.
Neist de klean siet der ek oar guod yn 'e tas dat nei alle gedachten ek stellen is. Fierders hie de man harddrugs by him. Alles is yn beslach nommen. De Dokkumer sit noch fêst.