Gjin Bommel-boeken mear yn Frysk
Der ferskynt nea wer in boek oer Olivier B. Bommel yn it Frysk. De erven fan skriuwer en betinker Marten Toonder en útjouwer Jos Boelhouwer fan Le Chat Mort kinne gjin oerienstimming berikke.
De erven binne benaud foar de kwaliteit fan de oersetting. Dêrneist easkje se in grut tal boeken foar eigen gebrûk. Der binne mei inoar alve Bommel-stripboeken oerset yn it Frysk.