Stroetinga wint NK klunen

© Omrop Fryslân
It wie sneon 27 graden, mar yn Langwar koe der klúnd wurde. Dêr wie it NK klunen. Fjirtich dielnimmers op redens striden yn winterske sfearen om it kampioenskip. Arjan Stroetinga is de winner wurden.
It parkoers mei hindernissen rûn troch it sintrum en de haven fan it doarp. Under de dielnimmers wiene ek ferskate bekenden lykas Hilbert van der Duim, Wopke de Vegt en Tjalling van den Bosch.