Kamminga 2e EK jeugdskeelerjen

© Omrop Fryslân
Manon Kamminga fan Haulerwyk hat op it EK skeelerjen foar de jeugd yn Itaalje de earste medalje, sulver, foar Nederlân wûn. Op de 3000 meter puntekoers op de piste fan Martinsicuro wûn se ien tuskensprint en waard se yn de einsprint twadde.
Tsjin de ein fan de wedstriid ried Kamminga hieltyd mear nei foaren, om úteinlik foaryn te einigjen. De race waard wûn troch de Italiaanske Francesca Lollobrigida.