Brân by sportkantine VV Ljouwert

15 jul 2006 - 14:42

De kantine fan VV Ljouwert is freedtejûn slim skeind trochdat in kontener yn brân stutsen wie. De kontener wie tsjin de doar oansetten. De doar is fernield, yn de kantine sels ûntstie reekskea.

De brânwacht hat de brân útmakke. Tsjûgen seagen earder op de jûn in groepke jongerein by it kompleks oan de Insulindestrjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)