Ynbraak yn pleatsen Hijum
By twa pleatsen oan de Mieddyk yn Hijum is ferline wike ynbrutsen. By de iene pleats waarden twa beertenders meinaam. By de buorlju waard in nagelnije meantrekker út de skuorre stellen.
Dy is sa swier dat de plysje tinkt dat der twa minsken by west ha om him fuort te heljen. De plysje hat de saak yn ûndersyk.