Saak ôfbaarnde boat oplost

14 jul 2006 - 17:06

Twa jonges fan 17 jier út Grou binne ferantwurdlik foar it stellen en ôfbaarnen fan in boat yn Grou, twa wiken lyn. De plysje krige doe in melding fan in jonge dy't troch in eksploazje ferwûne rekke wie, mar fertroude it saakje net.

Doe't de jonge tiisdei út it sikehûs kaam, hat de plysje him ûnderfrege. Hy bekinde doe dat er mei syn maat de boat stellen hie en dat dy per ûngelok yn de brân flein wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)