Nij fytspaad by Lichtaard

14 jul 2006 - 17:06
Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Van der Berg fan Ferwerderadiel hat freed by Lichtaard in nij fytspaad iepene. It paad rint by de Holwerter feart del en hâldt op by de Dokkumer Ie. Minsken kinne no lang om let ek it lêste stikje fan de Rietlandrûte ride. It paad past ek yn it fytsrûtenetwurk fan Noardeast Fryslân. It hat 226.000 euro koste en is betelle troch de gemeente, de provinsje en de Stichting Landelijk Fietsplatform.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)