Friezinne yn âld Saab nei Sina

© Omrop Fryslân
Esther Visser út Nijebrêge en Caroline de Greeff út Grins begjinne sneon mei in klassike Saab 96 oan de autorally Amsterdam-Peking. De twa froulju moatte yn in moanne tiid 18.000 kilometer ôflizze mei de auto út 1960.
De race giet troch 14 lannen hinne, dêr't de dielnimmers proeven ôflizze moatte. Der dogge hûndert teams mei oan de rally. Dêrfan binne der mar trije dy't allinnich besteane út froulju.