Ten Rouwelaar nei Austria Wien

© Omrop Fryslân
Jelle ten Rouwelaar giet definityf nei Austria Wien. De 25-jierrige keeper, dy't earder by Sportclub Joure spile, hat in kontrak tekene foar twa jier. Ofrûne wike rûn hy staazje by de Eastenrykse kampioen. Ten Rouwelaar komt oer fan PSV, der't hy noch ûnder kontrakt stie. It ôfrûne seizoen waard hy útliend oan Eindhoven.
Ten Rouwelaar moat yn Wenen de konkurrinsje oangean mei in Hongaarske doelman.