Miljoen euro foar superbus

© Omrop Fryslân
Iepenbier ferfiersbedriuw Connexxion lûkt in miljoen euro út foar de ûntwikkeling fan de superbus. De bus soe yn de takomst mooglik as alternatyf foar de Suderseeline jilde kinne. De eardere astronaut Wubbo Ockels is de betinker fan de bus.
De superbus kin ride oer autofrije busbanen. Ockels wurket mei studinten fan de TU Delft oan it prototype. Connexxion smart de finansjele stipe út oer trije jier.