Keunstner skildert op strân

© Omrop Fryslân
Keunstner Dirk Hakze út Snits is tongersdei op it strân fan it Amelân begûn mei it skilderjen fan 71 skilderijen. De skilderijen foarmje as se klear binne ien gehiel fan 33 by 95 meter. Se wurde allegear apart ferkocht.
Op dit stuit hat Hakze al 26 skilderijen oan de man brocht. Yn septimber moat it projekt klear wêze. Earder makke hy in grut keunstprojekt op it strân fan Skylge.