Aksje tsjin útfal VMBO-skoallen

14 jul 2006 - 10:50

Skoallen yn Súdwest Fryslân sille mear dwaan om foar te kommen dat learlingen sûnder diploma fan skoalle gean. Foaral op vmbo-skoallen is it probleem grut. Gearwurking tusken vmbo-skoallen en ROC De Friese Poort moat dêr ferbettering yn bringe.

It is de bedoeling dat vmbo-skoallen ekstra opliedingen biede, dy't better oanslute op hegere mbo-nivo's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)