Undersyk nei deade fisk Wommels

© Omrop Fryslân
De saak mei de deade fisken yn in fiver yn Wommels, dy't leechpompt waard, krijt mooglik in juridysk sturtsje. De plysje is dwaande mei in strafrjochtelik ûndersyk om der achter te kommen oft der sprake west hat fan bistekwelling.
It plysje-ûndersyk moat oantoane wa't ferantwurdelik is foar de gong fan saken, de útfierder, de Grontmij, of de opdrachtjouwer, de gemeente Littenseradiel.