Skoarstien yn stikken seage

13 jul 2006 - 18:28

De skoarstien fan fervefabryk Borneman yn Snits is woansdeitemiddei sloopt. De fabrykspiip sil op 'e nij opboud wurde by it gemaal yn Ychten. Dat gemaal is in pear jier lyn restaureard, mar de skoarstien ûntbrekt noch.

De piip is yn seis parten demonteard en sil as der genôch jild beskikber is op 'e nij opboud wurde. Der is 60.000 euro nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)