Autoriden goedkeaper
Fryske autobesitters betelje takom jier in leger bedrach oan ekstra opsinten as de provinsje earst woe. Yn stee fan 25 oant 27 euro, moatte automobilisten no 12 oant 18 euro ekstra betelje, ôfhinklik fan it gewicht fan de auto.
Deputearre Jan Ploeg fan finânsjes (CDA) komt dêrmei temjitte oan in beslút fan Provinsjale Steaten.