Read-Giel - Cambuur 1-6

© Omrop Fryslân
Cambuur wûn woansdeitejûn de oefenwedstriid tsjin it Ljouwerter Read-Giel mei 1-6. Read-Giel kaam earst wol op foarsprong troch in goal fan Evert Feitsma, mar even letter makke John Stegeman de lykmakker: 1-1.
De oare Cambuur-goals wiene fan Mulders, Hoogeveen (2x), Adnan Barakat en Chris de Wagt. Yn it duel waard dúdlik dat Cambuur foaryn en op it middenfjild seker net minder sterk is as it ôfrûne seizoen.