Jild foar doarpshuzen Skylge

13 jul 2006 - 16:32

De gemeente Skylge krijt nei alle gedachten in heal miljoen euro om de doarpshuzen fan Hoarne en West te ferbouwen en in nije bibleteek yn Midslân te bouwen. It is de bedoeling dat dy gebouwen dan ek yn it toeristysk seizoen iepen binne, sadat der dan ek rekreative aktiviteiten hâlden wurde kinne.

De provinsje betellet de helte fan it heal miljoen, de oare helte komt út in Europeeske subsydzjepot.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)