sc Hearrenfean wint mei 9-0

13 jul 2006 - 14:41

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn de twadde oefenwedstriid fan dit seizoen tsjin sneins-treddeklasser NEO út Borne mei 9-0 wûn. By de rêst stie it 5-0. De Kanadeeske spits Rob Friend en Danijel Pranjic skoarden beide twa kear. Rjochterspits Ugur Yildirim kaam, ûndanks de tekene frede mei trainer GertJan Verbeek, op 'e nij net yn aksje.

Sneon spilet Hearrenfean yn Aldegea tsjin Stormvogels/Telstar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)