Van Beek direkteur Thorbecke

13 jul 2006 - 14:41

Ald VVD-wethâlder fan Skarsterlân, Felix van Beek, wurdt de nije direkteur fan de Thorbecke Academie. De 48-jierrige Van Beek folget Mark Boumans op, dy't wethâlder wurden is yn Meppel.

De Thorbecke Academie is ûnderdiel fan de NHL en fersoarget ûnder oaren de stúdzjes bestjoerskunde en oerheidsmanagement. Felix van Beek sil him rjochtsje op it ûnderwiisbelied fan de Thorbecke Academie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)