Dochs flater mei peallen op dyk

13 jul 2006 - 10:22

De gemeente Smellingerlân jout ta dat der wer in flater makke is by it meitsjen fan in dykfersmelling mei lantearnpeallen op e Noarderdwersfeart yn Drachten. Yn jannewaris hat de dykfersmelling al in pear ûngelokken opsmiten. Nei in pear oanpassings wêrtroch de fersmellings better sichtber binne, gebeurt dat wer.

De peallen steane net 6 meter, mar 5 meter en 10 sintimeter útinoar. Dat sil no feroare wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)